Alles is hjir op trochreis
Abel Oostra
Abel Oostra skreau syn libben lang gedichten yn it Frysk, mar publisearre eins nea. Doe’t Godelieve Kok in pear jier lyn oan dichter Syds Wiersma frege oft er de manuskripten fan har ferstoarne man ris besjen woe, kaam de dichter Abel Oostra foar it ljocht. No leit der in prachtige bondel, mei in seleksje út syn poëzij en út de oersettings dy’t er fan in oantal Spaanske en Sjineeske dichters makke hat.
Oostra wie net in folslein ûnbekende yn it Frysk literêre fermidden. Yn 1982 wûn er de Rely Jorritsmapriis mei it gedicht ‘Yn it Ingelske Wurk’ en yn 2013 waard him de Sulveren Twicht útrikt, de priis foar it bêste twittergedicht. Mar útsein dy beide gedichten hat Oostra noait poëzij publisearre. Yn de jierren 60 wie er wol efkes aktyf foar it Fryske literêre tydskrift Asyl en fersoarge er foar de Delftse Fryske studinteferiening Aldgilles de jubileumbondel Op fjouwer winen. Mar dêr bleau it by.
De poëtyske neilittenskip fan Abel Oostra is lyts mar nijsgjirrich. De oersettings dy’t er makke fan ferneamde Spaansktalige dichters lykas Lorca, Neruda en Borges binne tige fertsjinstlik. Prachtige sketsen dy’t hy makke hat yn Spanje meitsje de bondel kompleet.
- utjouwerij Louise
- gebonden
- harde kaft met half linnen rug
- 120 pagina's