Kneppelfreed
graphic novel
Skelte Braaksma
De 10-jierrige Wâtse is op freed 16 novimber 1951 as krantejonge tsjûge fan Kneppelfreed, de histoaryske taalrebûlje yn Ljouwert, mei yn de haadrol sjoernalist Fedde Schurer fan de Heerenveense Koerier. Schurer wurdt oanklage om’t er in fûl krante-artikel skreaun hat oer in rjochter dy’t it Frysk yn de rjochtseal ferbiedt.
Wâtse leit yn dizze graphic novel, fol mei dielen yn strip én echte dokuminten en foto’s, út wat op dy monumintale dei yn de skiednis fan Fryslân barde..Kneppelfreed einiget yn gaos, wêrby’t de plysje wapenstôk en wetterkanon brûkt. Uteinlik liedt Kneppelfreed ta de offisjele erkenning fan de Fryske taal yn de rjochtseal en it ûnderwiis. En it Frysk as de twadde rykstaal fan Nederlân.
Skelte Siweris Braaksma (1995) is striptekener en spesjalisearre yn de Fryske skiednis. Yn 2025 krige Braaksma foar Redbad de Diet Huberpriis - trijejierlikse priis foar de bêste yllustrator fan Fryske berneboeken. Braaksma: ‘Kneppelfreed gie der noch folle rûger om wei as ik altyd tocht hie, en hie grutte ynfloed. Mei dizze graphic novel kin elkenien it no belibje as wienen se der sels by!’
- uitgeverij Louise
- harde kaft
- genaaid gebonden
- 88 pagina's