Siem en Sanne sille fierljeppe

Hendrika Vis - de Ruiter en Bernard Roorda

Siem en Sanne sille fierljeppe is in bysûnder lês- en foarlêsboek foar bern tusken de 3 en 7 jier. In boek mei prachtige tekeningen en in spannend ferhaal.

It hûs fan Siem en it hûs fan Sanne steane ticht by elkoar, mar se kinne net by elkoar komme, want tusken de tunen sit in sleatsje. Hoe moatte Siem en Sanne no tegearre boartsje? Gelokkich hat de heit fan Siem in idee…

Ferhaal is fan Hendrika Vis - de Ruiter, tekeningen binne fan Bernard Roorda. It boek is 30 by 20 grut, mei in hurde omslach.

Sjoch ek op www.siemensanne.nl

  1. Uitgeverij Louise
  2. harde kaft
  3. gebonden
  4. 24 pagina's
Uitverkocht