Efter it tried

Efter it tried is in yndrukwekkend, ticht op de hûd fan de tiid skreaun dokumint, dêr’t Reimer van Tuinen as Häftling nû 10039 syn ûnderfinings yn it konsintraasjekamp Amersfoort yn werjout. Yn it boek wurde autobiografyske sketsen ôfwiksele mei seis gedichten, wêrûnder it lange, sprekkende gedicht ‘Transport nei Neuengamme (9 septimber 1944)’.

Van Tuinen jout in yngeand byld fan it deistige libben yn de barakken. Der is it wachtsjen, it omhingjen, it sinleas wurk – lykas it meitsjen fan boartersguod – de appèls yn ‘it roazetún’, it beruchte tún dêr’t kampfinzenen bytiden, waar of gjin waar, dagen oanien delset waarden, sûnder iten en drinken.

Passaazjes oer dat soarte strafeksersysjes ûnder lieding fan de Dútske SS’er en plakferfangend kampkommandant Joseph Kotalla, oftewol de boal fan Amersfoart, treffe jin djip likegoed as de yngeande, op solidariteit boude kampfreonskippen.

Elske Schotanus beskriuwt yn de ynlieding wa't Reimer van Tuinen wie: túnker, fersetsman en skriuwer. Fan twa fan syn Fryske kampmaten, dêr't hy de häftlinge-nûmers fan neamt, is beskreaun wa't it west ha. Beide, Hein Sietsma en Hendrik Bethlehem, ha de oarloch net oerlibbe.

Reimer van Tuinen en Elske Schotanus

Uitgever: uitgeverij Louise

€ 19,50

genaaid gebonden
half linnen rug
128 pagina's

levering

Binnen drie werkdagen na ontvangst van uw bestelling krijgt u uw boek(en) thuisgestuurd.

betaling

U kunt alleen via iDEAL betalen, veilig en efficiënt. Per bestelling wordt een bedrag van 2 euro aan verzendkosten gerekend.

privacy

De Wet bescherming persoons-
gegevens (Wbp) verplicht web-
winkels om het verzenden van
persoonsgegevens via internet te beveiligen. Door gebruik te maken van een SSL certificaat wordt de verbinding tussen een website en de bezoekers versleuteld en daarmee misbruik door derden tegengegaan. De website van  Uitgeverij Louise is voorzien van een SSL certificaat. Klik hier voor het privacyreglement.