28 april 2024

‘Wat miene dy ferrekte Grousters no eins, dat de hiele wrâld fan harren is?!’

Dy ferrekte Grousters …’

It wiene de wurden fan in Wergeaster doe’t er it hie oer in Grouster.

Hoe koe it dochs dat er dy skerpe en misledigjende wurden spruts? In grutte rûzje, miskien âldsear? Hie Gjalt syn âldomke Arjen, dy’t yn 1909 flechte nei Perû, der faaks wat mei te meitsjen? Dat it lang net lekker siet tusken de beide mannen, reidskarders foar einekuorren, is wol dúdlik.

Op snein 28 april 2024 is de nije roman fan Gjalt de Groot presintearre. Syn foariche boek, We strûpe derûnder, wie mei mear as 2.000 eksimnplaren de bêst ferkochte Frysktalige roman fan 2021 en 2022. Mei rjocht kin Gjalt pleatst wurde yn it rychje fan Rink van der Velde en Hylke Speerstra: Fryske folksskriuwers mei in uterst lêsbere styl en werkenber foar de lêzer. Hy nimt jo mei in glimke mei yn syn ferhalen troch it Fryske lânskip. Tichterby Fryslân kinne jo net komme.

Twadde Keamer-lid Aant Jelle Soepboer krige it earste boek utrikt. Hy fertelde de oanwezichen, mear as 100 man/frou, oer de feroarjende persepsje oer de Friezen: De Romeinske skriuwer Pinius de Oude sette de Friezen del as ‘misera gens’, in begrutlik folk. Yn de Midsiuwen neamden Frankyske skriuwers Friezen heidenen.  Gjalt fynt dat de Friezen in grutsk folk binne mei in eigen taal en kultuur. Wolle jo der mear oer witte, lês dan Dy ferrekte Grousters!